De fierljeppers ha it seizoen tiisdei op spektakulêre wize ôfslúten. Nei in spannende wedstriid krigen de seizoensklasseminten fan de topklasse en
dy fan de junioaren op de lêste dei noch in nije lieder.
Yn de topklasse wûn Klaas Haanstra út Workum it seizoenskampioenskip nei in sprong fan 18.17 meter. Mar de grutte man yn it Grinzer Grypstsjerk wie junior Hannes Scherjon fan Noardburgum. Mei in prachtich persoanlik rekord fan 18.51 meter wie hy eltsenien
de baas en pakte hy op it nipperke ek noch de seizoenstitel yn syn klasse.